02-02-2011 Omrop Fryslân | 'Mear foech foar befeiligers'
Partikuliere befeiligers moatte tenei minsken yn de boeien slaan kinne en proses ferbaal opmeitsje. Dat wol Harm Brouwer, de heechste baas fan it Iepenbier Ministearje. Dêrmei soene de befeiligers in part fan de taken fan de plysje oernimme kinne.
Marc Schaaf fan it befeiligingsbedriuw is it mei Brouwer iens. Guon fan syn meiwurkers skriuwe al bonnen út as de plysje der net oan takomt. De plysje wachtet de reaksje fan de minister ôf en wol earst sels noch net reagearje.
Ien oppakke meie befeiligers no ek al, mar dan moatte se salang't de plysje der noch net is, fêsthâlde. Dat smyt somtiden gefaarlike situaasjes op om't se dan net mear har omjouwing yn de gaten hâlde kinne. Mei help fan hânboeien kin dat wol.
Marc Schaaf van Schaaf beveiliging is voorzitter van de Nederlandse Security Alliantie (NSA) geworden. Dertien regionaal opererende beveiligingsbedrijven zijn hierbij aangesloten. Schaaf Beveiliging vertegenwoordigd de noordelijke provincies. Inkoopvoordelen en nauwe samenwerking van de leden is het doel dat NSA nastreeft.